Helptsjinsten sykje mei dûkers en helikopter nei fermiste man yn Burdaard

05 des 2020 - 16:22

Helptsjinsten hawwe sneontemiddei yn en om Burdaard massaal op syk west nei in fermiste man. Dêr wiene ûnder oare dûkers fan de brânwacht by belutsen. Plysjes brûkten in drone en in helikopter.

De syktocht yn Burdaard

Neffens in wurdfierder fan de brânwacht waard der yn it wetter socht omdat ien in stik klean sjoen hawwe soe. It is net dúdlik oft it om klean fan de fermiste man gie.

De man dy't socht wurdt, komt út Burdaard. Hy wurdt sûnt tongersdei fermist. De plysje meldt dat der net allinne socht wurdt yn Burdaard, mar ek yn Hallum.

Trefwurden: 
syktocht fermissing Burdaard
(Advertinsje)
(Advertinsje)