Omrop TIP: Bûter, brea en swarte bledsiden

05 des 2020 - 15:45

Yn dit 500e stjerjier fan Grutte Pier ûndersiket programmamakker Bart Kingma yn syn Fryslân DOK 'Bûter, brea en swarte bledsiden' de myte fan dizze folksheld.

De Fryske frijheidsstrider Grutte Pier (Pier Gerlofs Donia, dy't libbe fan sirka 1480 oant 1520) wurdt troch in protte Friezen sjoen as in ikoan foar harren identiteit. Syn krêft, syn rjochtlinichheid en ferset tsjin ynminging fan bûten, appellearret sterk oan gefoelens fan grutskens en autonomy. Mei syn leger fan boeren en hierlingen 'De Arumer Zwarte Hoop' fjochte Grutte Pier tsjin 'de Hollanners' foar in ûnôfhinklik Fryslân. Dat is it byld.

Grutte Pier yn in game - Foto: Triangle Studios

Hy soe in enoarme keardel west hawwe. Dat byld fan in twa meter lange boer mei in swurd fan seis kilo makket syn heldhaftich optreden noch fabeleftiger. 'Bûter, brea en griene tsiis, wa't dat net sizze kin, is gjin oprjochte Fries' wurdt taskreaun oan Grutte Pier, dy't der sa efter komme woe oft er mei Hollanners of mei Friezen te krijen hie.

Yn de Fryslân DOK 'Bûter, brea en swarte bledsiden' ûndersiket Bart Kingma hoe't Grutte Pier útgroeie koe ta mytyske proporsjes.

Grutte Pier yn de searje Floris - Foto: NTR

Pier hat in soad bloed fergetten en ek net folle berikt foar de Friezen. Histoarikus Josse Pietersma fertelt yn de dokumintêre dat Grutte Pier yn de boargeroarloch telâne kaam tusken de Skieringers en de Fetkeapers. Doe't syn pleats yn 'e brân gong, naam er wraak. Uteinlik wie Pier in spylbal yn in grut Europeesk machtsspul, dêr't de frijheidsstrider sels totaal gjin fet op hie. "Fertel no it histoaryske ferhaal," seit Pietersma. "Dat is nijsgjirrich genôch. De myte oer Grutte Pier mei om my wol yn gruzels."

Histoarikus Josse Pietersma - Foto: Omrop Fryslân

Direkteur Bert Looper fan Frysk histoarysk sintrum Tresoar kin syn argewaasje oer de ikoanisearring fan Grutte Pier amper ferbergje, omdat Pier in efterhoedegefjocht fierde yn in tiid dêr't Fryslân krekt grutte stappen foarút sette. De histoaryske kennis fan de Friezen is fêstrûn yn klisjees, stelt Looper. "Grutte Pier konfrontearret ús mei pynlike fragen. Wat is der werklik bard, en binne we dêr wol yn ynteressearre?"

Bert Looper - Foto: Omrop Fryslân

Willem Schoorstra, skriuwer fan in histoaryske roman oer Pier, set syn fraachtekens by it romantisearjen en fiksearjen fan histoaryske figueren, sa't de Friezen mei harren folksheld dogge. Schoorstra: "Feiten binne belangryk. As dat betsjutte soe, dat dy helde-diminsje der ôf giet, dan is dat sa."

Willem Schoorstra - Foto: Omrop Fryslân

Yn de Fryslân DOK wurdt it histoaryske ferhaal ferteld, en dat is hiel oars en folle komplekser as 'de frijheidsstriid tsjin de Hollanners'. Fiifhûndert jier nei 'Bûter, brea en griene tsiis', lêst men no de swarte bledsiden yn de skiednis fan Pier Gerlofs Donia.

Fryslân DOK: 'Bûter, brea en swarte bledsiden - de skaadkant fan Grutte Pier
Sneon 5 desimber, 15.30 oere, NPO2 (Nederlânsk ûndertitele, werhelling 6 desimber 13.10 oere)
Snein 6 desimber, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

(Advertinsje)
(Advertinsje)