Schulting is it winnen net ferleard: goud op 1.500 meter op Invitation Cup

05 des 2020 - 14:51

Suzanne Schulting fan It Hearrenfean hat sneontemiddei op de KNSB International Invitation Cup de 1.500 meter wûn. Yn de finale wie se flugger as Gioya Lancee en de Frânske Tifany Huot-Marchand. It is it earste toernoai sûnt tsien moannen foar de shorttrackers.

Foto: www.orange-pictures.nl

Ek de manlju rieden sneon de finale fan de 1.500 meter. Itzhak de Laat fan Ljouwert waard dêryn twadde efter de Frânsman Quentin Fercoq. It tredde plak wie foar Sven Roes fan Gytsjerk. Sjinkie Knegt fan Bantegea waard tredde yn de B-finale.

Letter op sneon wurde ek noch de heale finales op de 500 en 1000 meter, en de heale finales fan de ôflossing foar de manlju.

(Advertinsje)
(Advertinsje)