Fytstocht mei ferhalen yn it ear: minydoku's yn de Oerpolder

Mei Kulturele Haadstêd 2018 waard it fytsprojekt 'Expeditie Oerpolder' lansearre. Desimber 2020 soe de lêste moanne wêze dat leafhawwers in spesjale app dêrfoar brûke koene, mar troch it grutte sukses wurdt dat no mei in jier ferlinge. De ferhalen ûnderweis binne eins in soart minydokumintêres, fertelt betinker Jorrit Brenninkmeijer.
Fytspaad troch it Heidenskip © Omrop Fryslân
Yn it earste jier hat de fytstocht seker 5000 kear ynteresse wekt, seit Brenninkmeijer. It moaie is dat it komby is fan bûtendoar wêze en ferhalen hearre fan 10 oant 200 jier ferlyn. De toer begjint yn Warkum en giet nei It Heidenskip en der binne trettjin harkplakken mei ferhalen fan 4 oant 5 minuten.
Sa is der in ferhaal te hearren oer in dyktrochbraak, oer âlde boerepleatsen, in skoaltsje, in tsjasker en in winkel. It binne lytse, minsklike ferhalen en dat makket ek dat minsken harsels dêr it bêste yn ferpleatse kinne. Sjochst it foar dy en it lûd datst hearst, sprek ta de ferbylding, neffens Brenninkmeijer. It moaiste soe wêze as de ferhalen trochferteld wurde, fynt hy.
It idee foar de fyts-app is ûntstien troch it boek De Oerpolder fan Hylke Speerstra. De skriuwer nimt ek fjouwer ferhalen foar syn rekken. It boek en de fytstocht gean oer hoe't in lytse mienskip altyd mar wer wit te oerlibjen yn de striid tsjin it wetter.
Jorrit Brenninkmeijer