Yn ferwachting foar de klasse: "Een eigen looproute naar de lerarenkamer"

05 des 2020 - 14:30

Hoe stiet it mei de leefberens fan in doarp yn coronatiden? Yn it doarp Waskemar is it doarpshûs ticht, der is gjin supermerk en dêrom binne der net in soad plakken dêr't minsken mekoar treffe. Wêr't dat wol it gefal is, is op de lokaasje fan middelbere skoalle CSG Liudger yn it doarp. En dat betsjut foar guon dosinten in bysûndere opjefte.

Rige Waskemar: lesjaan op it Liudger

Yn it lokaal fan Janneke Zwarteveen, dosint wiskunde op it Liudger, is foar yn de klasse mei tape in line makke. Janneke besiket dêr sa folle mooglik efter te bliuwen. Wannear't it nedich is, kin in learling nei foar komme, by it buro. Fan efter in spatskerm wei besiket Janneke de bern dan te helpen. It klinkt allegearre hiel foarsichtich, mar dêr hat se dan ek in goede reden foar.

Janneke is 26 wiken yn ferwachting. "Omdat mijn buik dikker wordt, worden mijn longen wat weggedrukt. Het kindje zelf zit goed beschermd, maar het zorgt er wel voor dat ikzelf bij een risicogroep hoor wat betreft corona. Daar maak ik me best wel eens zorgen over."

Gjin online lessen

Janneke mei derfoar kieze om, fanwegen har swierwêzen, ferfangende wurksumheden te dwaan. "In de praktijk komt het erop neer dat ik dan vanuit huis les moet geven. Dan zitten de leerlingen in de klas en moet een collega toezicht houden. Daarvan heb ik gezegd dat ik het niet wilde. Ik vind dat zelf niet fijn, maar voor de leerlingen is het ook niet goed denk ik."

Om Janneke te stypjen, en it mooglik te meitsjen dat se fysyk les jaan kin, hat de skoalle ferskate maatregels naam. Sa hat se har eigen lokaal krigen, mei dus de mooglikheid om ôfstân te hâlden. Fierder is der in spesjale rinrûte fan dat lokaal nei de dosintekeamer oanlein, en ek yn de dosintekeamer sels binne saken oanpast.

Dosint Janneke Zwarteveen bliuwt lesjaan wylst se yn ferwachting is

"We merkten dat het houden van afstand onderling toch wel moeilijk was. Dus nu staan er allerlei tafeltjes met maar één stoel, en zijn er verschillende prullenbakken en plekken waar je je koffiekopje kwijt kan. Kleine dingen misschien, maar het gaat goed zo, en ik hoop het op deze manier vol te houden tot ik met verlof ga."

Yn de kommende tiid folget Omrop Fryslân it doarp Waskemar. Fan de basisskoalle oant it doarpshûs. Fan de fuotbalferiening oant doarpsbelang. Hoe geane in doarp en alle minsken yn it doarp om mei de coronakrisis? Watfoar effekten hat it op it doarp?

(Advertinsje)
(Advertinsje)