142 nije besmettingen yn Fryslân: heechste tal sûnt 30 oktober

Der binne de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân 142 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat binne der 19 mear as freed en 32 mear as it trochsneed oer de ôfrûne sân dagen. It is dêrneist it heechste deistige tal besmettingen sûnt 30 oktober. Lanlik binne der 6.577 besmettingen fêststeld.
It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
De measte besmettingen binne it ôfrûne etmiel fêststeld yn Súdwest-Fryslân (42). Dêrnei komt Noardeast-Fryslân mei 17 besmettingen. Yn Fryslân binne it ôfrûne etmiel gjin nije stjergefallen of sikehûsopnamen meld.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):