Cambuur Sjoernaal: It fuotbal kin better; de resultaten net

05 des 2020 - 13:00

Cambuur hat in hiele goede wike efter de rêch. De Ljouwerters wûnen freed de tredde wedstriid op rige yn acht dagen tiid. Yn Velsen-Zuid waard mei 2-1 wûn fan Telstar. Lykas yn de twa eardere wedstriden dizze wike wie it spul fan Cambuur net briljant, mar it resultaat optimaal. Trainer Henk de Jong neamt dit 'desimber-fuotbal'. Yn it Cambuur Sjoernaal it wiidweidige weromsjoch op de wedstriid tsjin Telstar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)