Bûtenpost is der betiid by mei it fieren fan de krystdagen mei it Sweedske Luciafeest

Yn Bûtenpost binne se der betiid by mei it fieren fan de krystdagen. Mar dan net it krystfeest sa as wy dat yn Nederlân fiere. By de Muzykpleats yn Bûtenpost fiere se it Luciafeest, in feest dat yn Skandinavië fierd wurdt yn oanrin nei de echte krystdagen. It Luciafeest is elk jier op 13 desimber en wurdt ek wol in ljochtsjesfeest neamd.
© Muzykpleats
Yn Bûtenpost fierden se it feest ferline jier foar it earst. Dat wie sa'n sukses dat it dit jier wer op it programma stiet, mar wol wat oars fansels. De organisaasje moat rekken hâlde mei de coronamaatregels. "We ha der in foarstelling fan makke, dy't ek bûten plakhat", seit Atsje Lettinga fan de Muzykpleats.
"Ferline jier wie it ek mei iten en drinken. Dat kin no net, want de hoareka is ticht. We dogge it fanút de belibbing. It idee fan Lucia is ek datst inoar iten joust, datst it mei inoar dielst. Minsken krije wol wat mei nei hûs, dan kinne se thús noch wat lekkers ite", seit Lettinga.

Ljochtsjes

In Luciafeest sûnder ljochtsjes bestiet net, dus hat de organisaasje in oprop dien om oan dy ljochtsjes te kommen. Dat is goed slagge, want yntusken hawwe se 1.100 elektryske lampkes. "It giet om ljocht, it giet om de muzyk en it giet om de ferbylding", seit Lettinga.
"Wat der foar my efter sit, seker yn dizze tiid: is dat we tiid foar inoar hawwe. Mar benammen ek tiid foar wat der wol is, we sjogge allegearre de dingen dy't we misse. Dat is ek sa, der binne ek hiele slimme dingen, mar der is ek hiel folle wat wol kin. Allinnich we moatte wat fierder op ôfstân fan inoar bliuwer", sa seit Lettinga.
Atsje Lettinga oer it Luciafeest