Eksposysje Zoltin Peeter yn Ljouwert: de natuer yn syn eigen taal

05 des 2020 - 12:14

Yn paviljoen Obe yn Ljouwert is in eksposysje te sjen fan de ferline jier ferstoarne keunstner Zoltin Peeter. Hy wenne oant syn dea yn Hallum. De ynspiraasje foar dizze eksposysje hat Peeter opdien yn Yslân, in lânskip fol bergen, wetterfallen en flaktes.

Foto: Tresoar

Zoltin kaam út Amsterdam, mar hat it grutste diel fan syn libben yn Fryslân wenne, fertelt direkteur Bert Looper fan Tresoar dêr't Obe ûnder falt. Peeter woe graach yn Obe eksposearje en hat foar syn dea mei syn 'op noflike wize twingende persoanlikheid' de rezjy foar dizze eksposysje yn hannen naam, seit Looper.

Geometry

Yn de jierren '60 die Peeter it hiel goed as keunstner yn Amsterdam. Hy ferhuze yn de jierren '70 nei Fryslân. De hearskjende keunst yn de provinsje wie doe krekt oergien fan romantyk nei geometryske foarmen. Dat paste hiel goed by Peeter syn wurk fan doe.

Natuer

Dat feroare doe't er yn de earste helte fan de jierren '80 op stúdzjereis yn Amearika wie. Doe waard de natuer it sintale tema yn syn wurk. Hy jit der dan wol syn eigen sauske oerhinne, werkenst it net fuortendaliks, seit Looper.

Zoltin Peeter yn Yslân - Foto: Petra Moerman

Ast in taal leare wolst, moatst der wat foar dwaan. Ast myn taal leare wolst ek.

Zoltin Peeter

Peeter wie altyd mei taal dwaande. Sa makke er aforismen en neologismen. Dat is foar Tresoar ek in reden om in eksposysje oan him te wijen. Hy is byldzjend yn taal en yn keunstwurken, sa omskriuwt Looper it. Syn wurk is net hiel tagonklik, minsken moatte der muoite foar dwaan. 'Ast in taal leare wolst, moatst der wat foar dwaan, ast myn taal leare wolst, ek.'

Isolemint

Peeter wie in persoan dy't graach de iensumheid opsocht. Op de langste dei gie er altyd mei in tintsje nei Noarwegen. Hy libbe graach yn it isolemint, fertelt Looper. As er bekend waard, ferhuze er wer. Fan Amsterdam nei Antwerpen nei Fryslân. Hy wenne yn Hallum. Nei syn dea is fan de opbringst fan syn boerepleats dêr in keunstfûns oprjochte.

Zoltin Peeter waard in pear jier ferlyn eare mei de provinsjale Gerrit Bennerpriis.

By de eksposysje is ek in boek útkaam, útjûn troch syn goede freon Dolph Kessler. It boek is te keap by Obe.

Bert Looper oer Zoltin Peeter

'Noordzicht | Zoltin Peeter in neoromantikus yn Fryslân' is te sjen oant begjin febrewaris yn paviljoen Obe op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert.

Wurk Zoltin Peeter yn Museum Belvédère - Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies
(Advertinsje)
(Advertinsje)