UPDATE: Treinferkear tusken Ljouwert en Hurdegaryp komt wer op gong

Tusken Ljouwert en Hurdegaryp hawwe tusken 08.30 en 15:45 oere gjin treinen riden fanwegen in wikselsteuring. Nei it ferfangen fan in transformator koe de oerwei wer iepen en koe it sein wer op grien.
© Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude
Arriva hie bussen ynset tusken Ljouwert, Ljouwert Cammingabuorren en Hurdegaryp. De ekstra reistiid wie 60 minuten.