FNP freget Achtkarspelen: Kriget gemeente jild fan it ryk foar doarpshuzen?

05 des 2020 - 10:15

De FNP yn de gemeente Achtkarspelen sit yn grutte noed oer de takomst fan de doarpshuzen. Dy wurde bedrige yn it fuortbestean, sa is resintlik yn it nijs kaam. De partij makket him al langere tiid soargen oer doarpshuzen.

Foto: Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude

Yn april hat de FNP yn de gemeente al in moasje yntsjinne om doarpshuzen en buerthuzen temjitte te kommen. Dat soe kinne troch de jierlikse oanslach ûnreplikesaakbelesting werom te beteljen.

Mar de oare partijen, CDA, GBA, CU, Grien Links en de VVD, woene dat perfoarst net. By de begruttingsgearkomste wiene deselde partijen it iens mei it kolleezje om mei de subsydzje oan it Sosjaal Kultureel Wurk, de Pleatslike Belangen en ek de Wâldsang op te hâlden, sa skriuwt de FNP Achtkarspelen.

De FNP wol fan de gemeente witte oft Achtkarspelen jild fan it ryk krigen hat dat bedoeld is foar doarpshuzen. As dat sa is, hoefolle is dat dan en hoe wurdt it ynset. Hat it kolleezje sicht op de problemen fan de doarpshuzen en mei hokker doarpshûsbestjoeren hat it kolleezje kontakt hân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)