Dennis Veenker mei dóchs bobslydzje: "Siet tsjin in motivaasjekrisis oan"

It hat lang ûnwis west oft der dizze winter wol bobslydwedstriden wêze soene, mar Dennis Veenker en syn ploechgenoaten meie dochs los. Sneon en snein binne foar harren de earste wedstriden yn it Dútske Winterberg. En winter is it dêr, mei snie en fiif graden froast. "It wintergefoel is der wer", fertelt de Damwâldster.
Piloat Ivo de Bruin mei efter him Dennis Veenker yn de twamansbob © Viesturs Lacis
De winterske omstannichheden binne foar it bobslydzjen allinne minder ideaal, neffens Veenker.
It is krekt ast mei in auto sûnder fearring mei hûndert kilometer yn de oere oer in klinkertdyk rydst.
De omstannichheden yn Winterberg binne net optimaal, seit Veenker
"We ha leaver gjin snie, om't it dan stadiger giet. De iiskwaliteit is no gewoan min. It is krekt ast mei in auto sûnder fearring mei hûndert kilometer yn de oere oer in klinkertdyk rydst. Dat is net echt komfortabel."
Dizze moanne bliuwt de fjouwermansbob yn de garaazje stean. Der wurde allinne wedstriden foar de twamansbob organisearre. Earst yn Winterberg en dêrnei yn Igls yn Eastenryk. Fan jannewaris ôf binne der ek wedstriden foar de fjouwermansbob. Yn 2021 is der ek 'gewoan' in Europeesk en in wrâldkampioenskip.

"Belangryk wykein"

Foar in plak yn de twamansbob neist piloat Ivo de Bruin moat Veenker konkurrearje mei Janko Franjic. Sneon by de earste ôfdaling mei Franjic it sjen litte, snein is Veenker oan bar. "Se sjogge nei de start, wa't better is. Sa wurdt bepaald wa't de wrâldbekers starte mei. Dus ja, it is in belangryk wykein foar my."
De fjouwermansbob by in wedstriid fan foarich seizoen © Dennis Veenker
Veenker priizget him gelokkich dat se dizze winter gewoan yn aksje komme meie. It begjint wol in moanne letter as gewoanwei, mei as oarsaak fansels corona. "It is net normaal hoefolle regeltsjes oft as we hawwe. We meie it hotel net út. We sitte yn in soart fan semy-karantêne", fertelt de remmer fan de Nederlânske bobslydploech. Se wurde twa kear yn 'e wike test en rinne altyd mei mûlkapkes. "By de start en by de finish. Mar we binne hiel bliid dat we race kinne en wat dat oanbelanget meitsje dy maatregels my net út."
Foarich jier einige de Nederlânske bob faak yn de middenmoat fan it ynternasjonale fjild. Mar Veenker hat goede hoop dat se in stap set hawwe. Franjic is werom nei't er in skoft fuort west hat en dat helpt. "Foarich jier hiene we in pear nije jonges mei. Dat wurket dochs minder. Dit jier binne we wer op folle oarlochssterkte."

Motivaasjekrisis

It moast by Veenker wol fan fier komme de lêste moannen. "Yn de simmer siet ik tsjin in motivaasjekrisis oan. Want we wisten net wat, hoe en wannear't der wat gebeure soe. En moatst fysyk wol yn de goede rjochting gean. Dat is wol lestich. Mar mei ús allen wiene we hiel bliid doe't we hearden dat we race mochten. Ik ha der hiel folle sin oan!"