Scooterrider wol útnaaie foar plysje en rekket ferwûne by Marsum

05 des 2020 - 09:01

In scooterrider dy't útnaaide foar de plysje, is freedtejûn ferwûne rekke by Marsum. De scooter wie net fersekere en dêrom woe de plysje him oanhâlde.

Foto: SRFotografie

It ûngelok barde op de paralleldyk It Aldlân fan de A31. De plysje woe man oanhâlde omdat de scooter net fersekere wie, mar dy naaie út. By it ynheljen fan de plysjeauto foel de scooterrider en glied mei de holle oer it asfalt.

Hy rekke ferwûne en is nei in earste behanneling yn de ambulânse nei it MCL yn Ljouwert brocht. De plysje is meiriden nei it sikehûs om him in alkohol- en drugstest ôf te nimmen.

Trefwurden: 
scooter Marsum
(Advertinsje)
(Advertinsje)