Kollum: "De Haagse Bermuda Driehoek"

05 des 2020 - 08:33

It Iepenbier Ministearje hat dizze wike bylden frijjûn fan in raamkreak en dêroan 10.000 euro tipjild taheakke. It liket frij logysk as de oerheid dit soarte misstannen oplosse wol. Nimmen kin dêr yn prinsipe op tsjin wêze. In oerheid moat syn befolking beskermje.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Ferdinand de Jong

Ik neam in stik as wat nammen. Erik Jan Meijboom, Roelie Post, Jean-Marc Bosman, Ad Bos en Julian Assange. Jimme sille der grif ien of twa fan kenne. It binne allegearre saneamde kloklieders. Lju dy't misstannen konstatearre hawwe by bedriuwen en oerheden.

Even koart: Meijboom seach dat der yn it bernesikehûs yn Rotterdam dêr't er wurke folle mear bernestjerte foarkaam as normaal. Hy kaarte it oan en waard op non-aktyf set.

Jean-Marc Bosman kenne jo fan it saneamde Bosman-arrest. Hy spande in saak oan om derfoar te striden dat fuotballers nei harren kontrakt transferfrij nei in oare klup mochten. Hy krige úteinlik gelyk, mar ynstee fan dat se him der romhertich foar beleanne hawwe, is er in skoft ferwurden ta anonime alkoholist.

Roelie Post wurke as amtner by de Europeeske Uny en seach dat Roemeenske bern foar grou jild ferhannele waarden. Se stelde it oan de kaak en ferlear as beleanning har baan, ynkommen, har hûs en har fertrouwen.

Ad Bos wie kloklieder yn de boufraude. Hy bedarret úteinlik yn in camper.

En resint yn it nijs: De amtner dy't as earste de oanset joech ta it beneamen fan de misstannen yn de taslage-affêre by de Belestingtsjinst is net direkteur wurden, mar op non-aktyf steld.

Julian Assange is ek in foarbyld fan in kloklieder. De man efter Wikileaks betellet in hege priis foar wat er nei bûten brocht hat, jimme hawwe it dizze wike yn de krante lêze kinnen. Hy bedarre jierrenlang as asylsiker yn de Londenske ambassade fan Ekwador en waard troch Sweden beskuldige fan ferkrêfting. Stimmen wolle hawwe dat dy beskuldiging troch druk fan Amearika op Sweden kaam. Assange brocht mei Wikileaks nammentlik ûnder oare in fideo nei bûten dêr't op te sjen is hoe't yn 2007 troch in Amerikaanske helikopteroanfal tolve Irakeeske boargers en in oantal sjoernalisten fan parseburo Reuters om it libben komme. Sûnt dy tiid is hy yn ûngenede fallen by it Pentagon.

Wêr is de oerheid as it giet om it beskermjen fan dizze minsken? Wêrom wurde kloklieders troch falske tsjûgen en lilke, foar har eigen hachje benaude kollega's meastal as dieder te boek steld, wylst se krekt de boadskipper fan misstannen binne? Sterker, yn in ynterview fan Meijboom mei Roderick Veelo fan 2 septimber 2019 mei RTL Nieuws, fertelt Meijboom dat kloklieders út it ministearje fan Justysje troch datselde ministearje strafrjochtlik ferfolge wurde. De wrâld op syn kop, soenen je sizze.

O, mar der is tsjintwurdich it Huis voor Klokkenluiders, hear ik saakkundigen sizzen. In feilich plak dêr't kloklieders harren misstannen melde kinne. Helaas, saakkundigen sizze dat it Huis totaal gjin fertrouwen útstrielet en dat de oerheid it goede foarbyld noch altyd net jout.

De bedriuwen en oerheden hawwe der in hekel oan as der immen komt dy't de misstannen yn byld bringt. Kloklieders kieze net foar in maklik paad, mar se melde yn 'e regel ek gjin simpele winkeldief. It giet om grouwélige misstannen dy't bestraft wurde moatte soenen. Foaral as it oerheden oanbelanget, is it in grut skandaal te neamen as de kloklieders bewust omtovere wurde ta dieders. Blaming the messenger is ien fan de meast mislik meitsjende dingen dy't der is.

Ynkoarten komt der nije Europeeske regeljouwing dy't by ûntslach fan in kloklieder de wurkjouwer ferplichtet oan te toanen dat it ûntslach neat mei it kloklieden te krijen hat. Der is in lân dat tsjinakselet. Dat lân is Nederlân. It ministearje fan Ynlânske Saken fan D66-minister Ollongren seit dat se der gjin tiid foar hat om de nije rjochtlinen om te setten yn wetjouwing.

Miskien binne se te drok mei earst noch wat saken ferdwine te litten yn de Haagse Bermuda Driehoek?

(Advertinsje)
(Advertinsje)