Harnzer blommeman ferkeapet nei 45 jier syn lêste bosk blommen

05 des 2020 - 07:05

Nei 45 jier hat er it wol besjoen. Blommeman Cor Nijkamp, alias Cor Snor, hâldt op. Hy docht syn kiosk yn Harns yn de ferkeap en giet mei pensjoen.

Cor Snor, blommenferkeaper oan de Foarstrjitte yn Harns - Foto: Omrop Fryslan

Snor is hast 67 jier: "En dan is het tijd om met pensioen te gaan." 45 jier lang ferkeapet er al blommen op de Foarstrjitte. Earst yn in âlde SRV-wein, letter yn de kiosk.

Snor sil benammen it kontakt mei syn klanten misse. "Kijk, zij missen maar één persoon. Ik moet ze allemaal missen." Stilsitte docht Snor net. "Ik wil weer muziek gaan maken. Vroeger was ik vier avonden op pad. Feesten en partijen. Maar ja, dat ligt nu ook stil. Dat komt vanzelf wel weer terug."

Wat er ek misse sil, is de hannel, de ynkeap fan de blommen: "Dan heb je een rustige dag, maar toch scherp ingekocht. Dan verdien je toch goed geld. Dat is mooi. Die zoektocht naar goede prijzen."

It ferhaal fan blommeman Cor Nijkamp

(Advertinsje)
(Advertinsje)