Moai fuotbal komt wol wer, seit Henk de Jong ta: "Dat hâldst net in seizoen fol"

04 des 2020 - 21:43

Yn desimber en jannewaris is it no ienkear minder maklik om moai te fuotbaljen, is de oertsjûging fan Cambuur-trainer Henk de Jong. Dêrom is it sa wichtich dat de Ljouwerters ek de mindere wedstriden winne. Lykas freed tsjin Telstar (2-1). "We wolle altyd it moaiste fuotbal spylje dat der is, mar dat hâldst net in hiel seizoen fol."

Henk de Jong nei winst op Telstar

Troch de winst op Telstar pakt Cambuur njoggen punten yn ien wike, nei eardere oerwinningen op Den Bosch en Jong PSV. "Den Bosch wie in lestige tsjinstanner, moandei wie it ek lestich. En no tsjin in ploech dy't 5-3-2 spilet", analysearret De Jong. "Dat binne altyd wedstriden mei in hiel lyts bytsje kânsen. We ha it maksimale derút helle."

En as it fuotbal dan allegear wat dreger is, dan is it moai om spilers te ha dy't maklik skoare. Lykas middenfjilder Jamie Jacobs. Foarich seizoen goed foar tolve kompetysjegoals en ek no hat er der alwer seis ynlizzen. "Hy sit de lêste tiid net altyd goed yn de wedstriid, dat kin", seit De Jong. "Mar hy krijt in kâns en hy giet deryn. Mei Mühren is dat krekt sa. We moatte gewoan net yn de war reitsje, want dy kânsen komme wol."

It kin samar wer flitse.

Trainer Henk de Jong fan SC Cambuur

En dat moaiere fuotbal komt ek wol wer. "It kin samar wer flitse. It is net altyd maklik, mar we nimme wol wer de trije punten mei nei hûs. Negen in een week, hearlik!"

Achteryn stie it goed

Ienfâldich gong it dus net, mar Jacobs fûn ek net dat Cambuur it hiel dreech hie. "We hebben niet veel weggegeven, verdedigend stonden we goed. Alleen aan de bal liep het niet altijd lekker."

Doelpuntemakker Jamie Jacobs

En dus konkludearret Jacobs ek dat it fuotbaljen wat minder rint de lêste tiid. "Het is niet zoals we gewend zijn. Maar dat mooie voetbal komt straks wel weer. Zolang we die punten halen, vind ik het prima. Het was even billenknijpen in de laatste minuten, maar we hebben 'm binnen."

Krekt as ferline jier skoart Jacobs út by Telstar. "Dit ligt me wel lekker. Vandaag kwam de bal toevallig voor m'n voeten. Dus als je er staat, kun je 'm lekker binnen schieten."

De foarsprong op konkurrint De Graafschap bliuwt seis punten. De ploech út Doetinchem wûn yn de lêste minuten by MVV. "Dat zijn we van ze gewend", seit Jacobs. "Daar zijn ze goed in."

(Advertinsje)
(Advertinsje)