Jongelju Twizelerheide stichtsje brân: picknickbank oergetten mei benzine

04 des 2020 - 21:03

In picknickbank is freedtejûn yn flammen op gien oan de Skoalstrjitte yn Twizelerheide. Fan de dieders is neat te bekennen. Neffens tsjûgen giet it om in groep fan san 20 jongelju.

Foto: De Vries Media

De picknickbank soe oergetten wêze mei benzine en is doe yn 'e brân stutsen. De helptsjinsten binne krekt nei acht oere alarmearre en de brânwacht hie de brân rap ûnder kontrôle.

Tsjûgen seagen yn de buert in groep jongelju 'hingjen'. De groep jongelju is nei de brânstichting útnaaid. De plysje docht ûndersyk nei de saak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)