Fryske Forum-fraksje bepaalt tiisdei oft se binnen de partij bliuwe

04 des 2020 - 20:46

De Fryske Steatefraksje fan Forum voor Democratie bepaalt tiisdei oft se by de partij bliuwe of net. Fraksjefoarsitter Maarten Goudzwaard wol rêst en romte nimme om alles no goed te besjen. Freedtejûn waard dúdlik dat mear as trije kwart fan de leden wol dat Thierry Baudet partijlieder bliuwt.

Foto: Omrop Fryslân

Kommende tiisdei sit de fraksje byinoar. "Wy kinne it goed fine mei-inoar. De gearwurking is goed en dat is foar my en de oaren hiel dierber. Wy sille it der goed oer hawwe", seit Goudzwaard. Mar wat docht Goudzwaard as de fraksje kiest foar Baudet? "No, wy moatte earst oankommende tiisdei in petear ha, oer wat alles wat no bart foar ús betsjut. Der komme dan meardere senario's foarby."

Dochs binne in oantal ûnwissichheden foar de Fryske Steateleden weinaam, sa seit Goudzwaard: "Wy ha it referindum hân, der is in útslach en Baudet hat mei in statement oanjûn te bliuwen. No't dy twivels fuort binne, kinne wy in goed petear ha."

"Opskuor docht partij gjin goed"

De hiele opskuor om Baudet hinne docht de partij en dêrmei de fraksje gjin goed, seit Goudzwaard: "Hie Baudet no fuort wat dien oan de situaasje mei de jongereinôfdieling fan Forum, de JFvD, dan hiene wy hjir no net west."

Maarten Goudzwaard fan Forum voor Democratie

Baudet makke ferline wike bekend op te stappen as partijlieder, mar kaam dêr fuort ek wer op werom. It bestjoer skreau dêrom in binend referindum út mei de fraach oft de leden mei Baudet troch wolle.

De Fryske Steatefraksje fan Forum liet ferline wike witte it referindum ôf te wachtsjen. Fraksjefoarsitter Maarten Goudzwaard sei doe al dat hy sa net fierder wol binnen de partij. Hy fynt dat Baudet de jongereinôfdieling fan de partij oanpakke moatten hie nei't dúdlik waard dat leden har misdroegen. Se dielden rasistyske en ekstreemrjochtse berjochten yn appgroepen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)