Cambuur hat it opnij dreech, mar pakt wol wer trije punten

04 des 2020 - 20:39

Sportklup Cambuur hat freed foar de fiifde wedstriid op rige trije punten pakt. Yn Velsen-Zuid hie de koprinner fan de earste difyzje it dreech mei Telstar (1-2), mar troch goals fan Jamie Jacobs en Robert Mühren kaam Cambuur werom fan in efterstân en geane de trije punten wol mei nei Ljouwert.

Robert Mühren makket de 1-2 - Foto: www.orange-pictures.nl

Krekt as de ôfrûne twa wedstriden, tsjin Den Bosch en Jong PSV, wie it spul fan de Ljouwerters net goed. No kaam Cambuur yn de earste helte hast net ta kânsen. Dêrfoar wie it tempo te leech en de kreativiteit te min. Allinnich Mühren kaam in kear yn kânsrike posysje, nei in flaterke fan Anass Najah, mar de topskoarer fan de Ljouwerters kaam net ta in skot.

Tsien minuten foar it skoft krige Telstar de earste serieuze kâns fan de wedstriid. Sonny Stevens rêde op in skot fan Glynor Plet.

Min begjin oan twadde helte

Dat die de doelman fan de Ljouwerters ek betiid yn de twadde helte, doe't Guliano van Velzen in kâns yn de skuon wurpen krige nei in minne pass fan Joris Kramer. Hy begûn yn de basis yn stee fan David Sambissa, op de linksbackposysje.

Twa minuten letter wie it wol raak foar de Noard-Hollanners. Van Velzen sette de oanfal sels op, op it middenfjild. Hy fûn Ilias Bronkhorst oan de rjochterkant. Dy kaam op, oant it strafskopgebiet ta. Bronkhorst like de bal te ferspyljen, mar Van Velzen stie op it goede plak om de skoare te iepenjen.

Twa kear op it goede plak

Cambuur wie doe wekker. Goed fiif minuten letter makke Jamie Jacobs de lykmakker. Dat die er nei't in foarset fan Michael Breij spits Mühren berikte. Syn skot waard kreake, mar foel doe foar de fuotten fan Jacobs. De maklik skoarende middenfjilder fan de Ljouwerters bleau kalm.

Tsien minuten foar tiid, nei ferskate wiksels by de Ljouwerters, stie Mühren sels op it goede plak. In frije traap fan ynfaller Robin Maulun kaam net by in ploechgenoat telâne, mar in ferdigener fan Telstar kopte de bal rjocht op Mühren ôf. Dy twivele net en helle yn ien kear út. De bal foel yn de koarte hoeke: 1-2.

Yn de slotfaze besocht Telstar it noch mei hege ballen, sels doelman Jasper Schendelaar gong mei nei foaren, mar de Ljouwerters holden stân.

Ferskil mei konkurrinsje bliuwt lyk

Neiste konkurrinten Almere City en De Graafschap ûntsnapten ek oan punteferlies. Beide ploegen kamen, krekt as Cambuur, werom fan in achterstân. De Ljouwerters bliuwe wol oan de lieding fan de earste difyzje, mei trije punten foarsprong op Almere City en seis op De Graafschap.

Telstar - SC Cambuur 1-2 (0-0) 54. Guliano van Velzen 1-0, 60. Jamie Jacobs 1-1, 79. Robert Mühren 1-2

Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt, Mac-Intosch, Schouten, Kramer; Hoedemakers, Jacobs (90+4/Oratmangoen), Paulissen (65/Maulun); Breij (75/Antonia), Mühren, Korte (65/Kallon)

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Telstar
(Advertinsje)
(Advertinsje)