Silke Huisman boppe olympyske limyt op 200 meter frije slach

04 des 2020 - 20:21

It is swimster Silke Huisman fan Arum freed yn Rotterdam net slagge om in olympysk ticket te pakken op de 200 meter frije slach. Se swom yn de foarronde in tiid fan 2.08,63 en dat is goed tsien sekonden boppe de eask fan NOC*NSF.

Marrit Steenbergen - Foto: www.orange-pictures.nl

Marrit Steenbergen fan Easterwâlde die it op de 50 meter rêchslach better. Se waard tredde yn in tiid fan 28,81. Ien neidiel: dizze ôfstân is net olympysk. Yn dyselde wedstriid swom Kira Toussaint in nij nasjonaal rekôr: 27,37.

Para-swimster Liesette Bruinsma fan Wommels swom de 200 meter frije slach yn 2.29,16. Yn de foarronde wie se noch in sekonde rapper. De 200 meter frije slach is yn de kategory fan Bruinsma (S11, foar atleten dy't min sjogge) gjin paralympyske ôfstân. Tongersdei swom se wol foar de tredde kear ûnder de paralympyske limyt op de 50 meter. Dêrmei kin in ticket har hast net mear ûntgean.

It kwalifikaasjetoernoai duorret noch oant en mei snein. Sneon swimme Huisman, Steenbergen en Bruinsma de 100 meter frije slach.

(Advertinsje)
(Advertinsje)