Aukje de Vries: "De Lelyline moat yn it ferkiezingsprogramma fan de VVD"

04 des 2020 - 19:51

VVD-Twadde Keamerlid Aukje de Vries fynt dat de Lelyline yn it ferkiezingsprogramma fan har partij komme moat. De spoarferbining, dy't de Rânestêd fia It Hearrenfean en Drachten mei it Noarden ferbynt, stiet no noch net yn it programma. Oare partijen lykas it CDA en de PvdA hawwe de Lelyline wol opnommen yn it ferkiezingsprogramma. De Vries krige dizze wike te hearren dat se in tredde perioade troch mei foar har partij en se kaam heech op de list: op nûmmer acht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)