Hoe fierder mei boaiemdelgong yn Dongeradielen? Prate, sizze oerheden

04 des 2020 - 18:53

Yn it gebiet by Eanjum, Ie, Mitselwier en Moddergat sakket de boaiem troch gaswinning. Hoe moat dat oplost wurde? Wetterskip Fryslân, provinsje Fryslân en gemeente Noardeast-Fryslân beslisse oer hoe't it no fierder moat mei it saneamde 'gebietsproses'.

Gaswinning by Moddergat - Foto: Omrop Fryslân, Geertrui Visser

"We gaan samen met de gemeente en provincie met alle partners in het gebied in gesprek, dus met de landbouw- en natuurorganisaties, maar ook met bewoners," seit Luzette Kroon, dykgraaf by Wetterskip Fryslân.

Mooglik 19 sintimeter delgong

De grûn sakket, dat is dúdlik. "We pakken de gevolgen aan. Het gas is er al grotendeels uit. Maar wat de grond doet is een natuurlijk proces, dat kun je niet tegengaan. De grond kan in het slechtste scenario 19 centimeter dalen, dat is uitgerekend. Dat is behoorlijk veel," seit Kroon.

"We zijn nu aan het nadenken over wat het betekent voor de wateropgave. Wat dat waterbeheer betreft proberen we de schade te beperken. Maar we willen ook verder kijken, in hoeverre we klimaatadaptieve oplossingen mee kunnen nemen in het proces."

Konsekwinsjes foar lânbou

Ien fan de problemen is dat de sâlte ûnderlaach yn it gebiet rapper omheech komme kin. "Dat zal consequenties hebben voor de landbouw. De wateropgave is in beeld gebracht, herstelmaatregelen die we moeten doen. Nu moeten we kijken hoe we het gebied een boost kunnen geven. Daarom inventariseren we ook waar behoefte aan is", fertelt Kroon.

Winning al sûnt 1987

In part fan it jild dat nedich is, sil troch gaswinner NAM betelle wurde. Dat bedriuw wint al sûnt 1987 gas yn de regio. Kroon: "We gaan door in een verkenningsfase, de inwoners van het gebied krijgen van ons een brief. Er is een rapport opgesteld waar in staat wat er gaat gebeuren. Voor een deel van de opgave is geld toegezegd, voor een deel nog niet. Maar daar moeten we met alle partijen uit komen."

Nei petearen beslute de oerheden yn 'e maitiid fan 2021 definityf oer de oanpak fan de gebietsferkenning.

Luzette Kroon fan Wetterskip Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)