Shorttrackers ride wer ynternasjonaal nei 291 dagen: "Dat is lang, heftig!"

04 des 2020 - 18:18

291 dagen ha se wachtsje moatten, mar freed mochten de shorttrackers it iis wer op foar in ynternasjonale wedstriid. Yn Thialf organisearre reedrydbûn KNSB de International Invitation Cup. Neist de Nederlânske shorttrackers dogge der Belgen, Frânsen, in Israeliër en in Let mei.

FH REPO Shorttrack

De lêste ynternasjonale wedstriid fan de shorttrackers datearret fan febrewaris dit jier. Doe rieden se de wrâldbeker yn Dordrecht. "Het is gewoon al bijna een jaar geleden. Dat is lang, heftig!" konkludearret Suzanne Schulting. Se is bliid dat se, nei útstapkes op de langebaan, wer op de koarte baan ride kin. "Het ging makkelijk en goed. Het is lekker om weer even je versnellingen te kunnen plaatsen in een wedstrijd in plaats van in een training. Dus ik ben blij."

Ritme

Datselde jildt foar Sjinkie Knegt. Hy makke yn Dordrecht syn rentree yn febrewaris nei syn ûngelok, mar dat wie dus fuortendaliks ek efkes syn lêste wedstriid. Oant freed. "It is wol noflik om wer in wedstrydsje te riden. Ik ha wol nocht om wer in pear rûntsjes te riden. It ritme is ek hiel belangryk. Hooplik kinne we dat in bytsje oppakke mei dizze wedstriid en dy fan folgjende wike", fertelt Knegt, dy't doelt op it NK ôfstannen dat takom wike organisearre wurdt.

Suzanne Schulting en Sjinkie Knegt:

Der soe in moanne lyn ek al in Invitation Cup organisearre wurde, mar dy waard op it lêste momint skrast. Ta tefredenheid fan Knegt, want de Bantegeaster fûn it doe ûnferantwurde. No kin it neffens him wol. "We ha leard fan de flaters dy't we doe makke hawwe. Der wiene doe hiel folle dingen dy't net kloppen. Der is no wol in soart fan bubbel kreëarre. As ien posityf test, kinne je dy der no útpakke. Dat wie foarige kear mei allegear heakken en eagen en dat sinde my net."

Nivo

It nivo fan dizze Invitation Cup hâldt net oer. Alle Nederlânske toppers binne der wol, mar oare grutte shortracklannen ûntbrekke. Ta teloarstelling fan Schulting. "Ik had liever geracet tegen de toplanden, zoals Canada, China, Korea en Japan. Maar dat kan nu even niet, dus dan moet je het hiermee doen. Ik ben allang blij dat je weer wat wedstrijdritme kunt opdoen."

It is net sa dat it sportyf hielendal neat foarstelt, want de Nederlânske winner by de manlju en froulju krijt in startbewiis foar it Europeesk kampioenskip yn jannewaris. Schulting: "Er zijn uiteindelijk gewoon EK-tickets te verdienen. Je moet je kop erbij houden en in dat opzicht is het wel een belangrijke wedstrijd."

Foto: Orange Pictures

Je reitsje de wille ek in bytsje kwyt.

Sjinkie Knegt oer alle wedstriden dy't ôfsein waarden

Knegt fynt it lestich om yn te skatten hoe't hy derfoar stiet. Wat wis is, is dat hy syn topnivo absolút noch net hat. Hy rjochtet him op jannewaris en maart, as it EK en it WK organisearre wurde. "Ik ha wille yn it riden en it giet alle wiken wer in bytsje better. Op in bepaald momint komme je yn in dip, as je hieltyd hearre dat wedstriden skrast wurde. Dan reitsje je it plezier ek in bytsje kwyt."

Mar der is goed nijs. De motivaasjedip is mar fan tydlike aard: "De ôfrûne fiif, seis wiken is de wille der wer en bin ik wer motivearre om hurd te trainen."

Foto: Orange Pictures

Prestaasjes fan de Friezen

500 meter:

Rianne de Vries, Suzanne Schulting en Anne Floor Otter hawwe harren pleatst foar de heale finales fan de 500 meter. By de manlju fine we Sven Roes, Jasper Brunsmann, Itzhak de Laat, Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma en Dennis Visser sneon werom yn de heale finale.

1000 meter:

Rianne de Vries, Suzanne Schulting en Anne Floor Otter ride sneon de heale finale op de 1000 meter. Datselde jildt foar in hiel soad Fryske manlju, nammentlik: Jasper Brunsmann, Dennis Visser, Itzhak de Laat, Sven Roes, Daan Breeuwsma en Sjinkie Knegt.

1500 meter:

Suzanne Schulting pleatste har foar de A-finale op dizze ôfstân. By de manlju slagge dat foar Itzhak de Laat en Sven Roes. Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma en Dennis Visser ride de B-finale.

(Advertinsje)
(Advertinsje)