GIF-eksposysje mei libjende bisten yn Natuurmuseum Fryslân ferlinge
De eksposysje mei giftige bisten fan Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert is mei in heal jier ferlinge. De eksposysje GIF, oog in oog met levende giftige dieren waard yn febrewaris iepene, mar fanwege de coronakrisis hat it museum twa kear in skoft ticht west.
De ferlinging is yn gearwurking mei it Spaanske Grupo Atrox, fan wa't de bisten binne, en mei Naturalis Biodiversity Center yn Leiden, dy't de ynteraktive spultsjes ûntwikkele. Ek moast de bistetúnfergunning ferlinge wurde en moat de bistefersoarger in heal jier langer yn Ljouwert wenjen bliuwe.
It museum ferlinget de eksposysje om mear minsken de kâns te jaan de libjende gifslangen en oare bisten te sjen. Om't mar in beheind tal minsken yn it museum mei, is reservearje ferplichte.