Fertochten kriminele drugsbinde Wolvegea 14 dagen langer yn foararrest

De seis fertochten dy't tiisdei oanholden binne foar belutsenens by drugshannel, wytwaskjen en it dielnimmen oan in kriminele organisaasje, bliuwe twa wiken langer yn foararrest. Dat hat de rjochter freed besletten. De fertochten binne 20, 25, 27, 30 en 36 jier âld.
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
In binde fan sa'n 25 persoanen waande him ûnoantaastber yn en om Wolvegea. It giet om yntimidaasje fan ynwenners, riedsleden en plysjeminsken, fjochterij en oerlêst yn it hoarekagebiet, hannel yn kokaïne en heroïne en krimineel en gefaarlik gedrach.
Seis fan de fertochten binne tiisdei mei in grutte aksje yn Wolvegea en op It Hearrenfean oppakt. Boargemaster André van de Nadort fan Weststellingwerf hat ynwenners fan Wolvegea oproppen om oanjefte te dwaan as sy ea te krijen hiene mei de kriminele binde.
Lês hjir mear oer de kriminele drugsbinde: