Serge Hollander wurdt de nije direkteur fan popsintrum Neushoorn yn Ljouwert

04 des 2020 - 17:09

Serge Hollander is de nije direkteur fan popsintrum Neushoorn yn Ljouwert. Hollander is (kultureel) ûndernimmer en hat syn eigen advysburo. Hy is ûnder oare bekend as inisjatyfnimmer fan it graffity-evenemint Writer's Block. Hollander folget Yvonne Bleize op.

Foto: Stichting Popcultuur Neushoorn

Neffens Hollander is it in dream dy't útkomt. "Neushoorn is een bijzondere plek waar popcultuur, onderwijs en cultuurproducties samenkomen en heeft alles in zich om een nog belangrijkere rol binnen de popcultuur van Nederland te spelen."

De nije direkteur wol aktyf wurkje oan de relaasjes mei partners fan it poppoadium en nije partners sykje en fine. "Ik beschouw Neushoorn op dit moment als een Sleeping Giant met de nodige uitdagingen, maar met een warm hart en motorblok dat klaar staat om te rocken. In een huis vol enthousiaste medewerkers en vrijwilligers, gevestigd op een prachtige plek in de steeds trotser wordende hoofdstad van Fryslân."

Yn goede hannen

Neffens it bestjoer fan Neushoorn hat Hollander in frisse, kreative blik op de ynhâldlike programmearring en alle gearwurkingsmooglikheden. De trochûntwikkeling fan it sintrum foar popkultuer is by him yn goede hannen, sa fynt it bestjoer.

Serge Hollander is op it stuit noch riedslid foar de VVD yn Ljouwert. Hy leit yn desimber syn riedslidmaatskip del en fan 1 jannewaris ôf start hy as direkteur by Neushoorn.

Serge Hollander

(Advertinsje)
(Advertinsje)