Grutte put foar Harnzer tegelfabryk: 27.000 tegels foar âld Deensk kastiel

04 des 2020 - 16:58

Bij 'Harlinger Aardewerk & Tegelfabriek' yn Harns binne se úteinset mei it meitsjen fan tegels foar it ferneamde midsiuwske kasteel Nyborg. Yn totaal moatte der goed 27.000 tegels makke wurde en dat moat allegearre mei de hân. Sa moat der in nije tegelflier foar it ljocht komme dy't krekt liket op hoe't it der hûnderten jierren lyn út seach.

Tegelfabryk Harns

"We maken de tegels met klei in een mal en daarna gaan er nog weken overheen voordat de tegels daadwerkelijk klaar zijn," sa fertelt direkteur Oswald fan it tegelfabryk. "Eerst moeten ze flink lang drogen voordat ze de oven in kunnen."

It meitsjen fan de tegels is dêrmei in proses dat in soad tiid yn beslach nimt. "Aldergeloks hawwe sy ek efkes de tiid," seit Oswald. "We moeten het voor volgend jaar zomer klaar hebben, maar het slokt wel zoveel tijd op dat sommige andere projecten blijven liggen."

Yn Harns wurd wurke oan de tegels foar in Deensk Kasteel - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De tegels binne foar it ferneamde Deenske kastiel yn Nyborg. In grut part fan de Deenske skiednis en de ûntwikkeling fan it Deenske keningshûs is werom te fieren nei dit kastiel yn Nyborg, dat yn de 12e iuw boud waard. Yn de 17e iuw wie Nyborg ien fan de wichtichste fêstingssteden fan Denemarken, fanwege de geunstige lizzing oan see.

Ferslachjouwer Hayo Bootsma by it tegelfabryk

Der moat noch flink wat wurk ferset wurde

Yn totaal moatte der 27.000 fan dizze tegels makke wurde - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
(Advertinsje)
(Advertinsje)