Buorljurûzje yn De Harkema einiget yn slaanderij en in rjochtsitting

Twa buorlju fan De Harkema moasten freed foar de rjochter ferskine fanwege in flinke buorrerûzje. De iene buorman fan 70 jier sei al jierren lêst hân te hawwen fan it lûd dat syn buorman fan 52 jier by it timmerjen makke. Yn maaie eskalearre it: de âldere buorman naam it lûd op dat út it hok kaam en doe't de oare buorman dat yn de gaten krige, klom er oer it sket en pakte er him by de kiel. By de slaanderij rûn ien fan de manlju in brutsen kaak op.
buorrerûzje © Shutterstock.com (Iakov Filimonov)
De 70-jierrige buorman dy't sei lêst te hawwen fan it leven, is frijsprutsen omdat de rjochter oardiele hat dat it om selsferdigening gie. De oare buorman fan 52 jier hat twa jier ûnder betingst krigen en moat dêrnjonken goed 50 euro oan materiële skea betelje.