Siem de Jong tekenet foar oardel jier by SC Hearrenfean

04 des 2020 - 16:08

Fuotballer Siem de Jong is freedtemiddei presintearre as nijste oanwinst by SC Hearrenfean. Hy tekene in kontrakt foar oardel jier by de klup. Dêrmei komt de 31-jierrige oanfallende middenfjilder werom nei de Nederlânske earedifyzje. De Jong siet sûnder klup sûnt syn kontrakt by de Amerikaanske klup FC Cincinnati ferline moanne net ferlinge waard.

Siem de Jong

Technysk manager Gerry Hamstra fan SC Hearrenfean is bliid mei de komst fan De Jong. "Je kijkt altijd om je heen naar versterkingen voor je selectie. Siem is een absolute buitenkans. Met zijn voetballend vermogen en persoonlijkheid is Siem een zeer welkome versterking. Hij beschikt over een geweldige staat van dienst en brengt een karrenvracht aan ervaring met zich mee. Wij zijn trots dat hij voor ons heeft gekozen."

De Jong hat foar Hearrenfean keazen fanwege syn Fryske roots. "Mijn oma woont in Heerenveen en mijn vader is hier vlakbij geboren. Genoeg familie hier in de buurt, die vinden het allemaal wel heel erg mooi." Hy neamt SC Hearrenfean in ideale klup om foar te spyljen. "Het doel is om hier succes te halen en plezier te hebben. Het spel ziet er goed uit en ze behalen goede resultaten."

Earder fuotbalde de seisfâldich international fan Oranje ûnder mear by Ajax, PSV en Newcastle United. De yn Switserlân berne De Jong spile yn novimber 2013 syn lêste ynterlân mei de oefenwedstriid tsjin Colombia (0-0).

Siem de Jong

Siem de Jong

Gerry Hamstra

Technysk manager Gerry Hamstra fan SC Hearrenfean

Foto: René Wiegmink / ProNews
(Advertinsje)
(Advertinsje)