Nij ûnderkommen foar tydskrift 'de Moanne' yn Ljouwerter Blokhúspoarte

04 des 2020 - 15:44

Kultureel en literêr tydskrift de Moanne hat hiel wat op 'e hispel de kommende tiid: it blêd ferhuzet fan Afûk nei in nij ûnderkommen yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert en fan takom jier ôf is Tialda Hoogeveen de nije einredakteur. Fierder wol it blêd ek faker fan him hearre litte op oare plakken. Dat kin in eksposysje of literêre jûn wêze, mar ek mei in dichtbondel of dokumintêre.

Foto: de Moanne

De ôfrûne tsien jier wie de einredaksje yn hannen fan Sito Wijngaarden. De kommende tiid siket de Moanne ek mear gearwurking mei kulturele ynstellingen lykas Tresoar, City of Literature en musea.

(Advertinsje)
(Advertinsje)