Snitser krijt ien jier sel foar mishanneling Amsterdammer

04 des 2020 - 15:13

In 19-jierrige Snitser dy't in man fan 28 út Amsterdam mishannele hat troch op de holle fan it slachtoffer te springen en der tsjinoan te traapjen, is freed feroardiele ta in selstraf fan in jier plus in healjier ûnder betingsten. De mishanneling wie yn de nacht fan 2 augustus op de Looxmagracht yn Snits.

Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

In groepke jonges spruts it slachtoffer oan wêrnei't de sfear omsloech. De man út Snits hat ûntkend dat hy by de mishanneling belutsen wie. De rjochter naam it de man kwealik dat hy as fjochtsporter sa fier gien is. "Hij wordt geacht bekend te zijn met zijn eigen kracht en met het gevaar van trappen tegen het hoofd", seit de rjochtbank. Dat de mishanneling net slimmer ôfrûn is, is neffens de rjochtbank 'een gelukkig toeval.'

De Snitser moat in skeafergoeding fan goed 5.000 euro oan it slachtoffer betelje. De man út Amsterdam sei op de sitting twa wiken lyn dat hy himsels net mear feilich fielt op strjitte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)