Fryske gruthannel yn boartersguod hat it drok troch 'corona-kompensaasjedriuw'

04 des 2020 - 14:58

No't it hast Sinteklaas is, wurdt der wer in soad boartersguod kocht. Sa ek by Van der Meulen yn Harns en Snits, in boartersguodgruthannel, ymporteur en distributeur. Troch de coronakrisis sjocht it jier der foar harren oars út, om't winkels net yn bulk ynkocht ha en minder minsken fysyk nei de winkel ta geane.

Drokte by de boartersguod-gruthannel: 'kompensaasjedriuw troch de coronakrisis'

Erik Zandbergen, direkteur fan de gruthannel: "De piek ligt anders dan normaal. Die begint normaal al in augustus, dan moeten we de grote organisaties leveren zoals Blokker en Intertoys. Omdat nu veel online gaat, kan het per dag veranderen en kan het elke dag druk worden. Daar moeten we dus rekening mee houden."

Online bestelle

Mear as de helte fan de minsken bestelt op it stuit har guod online. De gruthannel moast dus wol efkes skeakelje. "In plaats van dat we duizenden leveren aan een winkelketen, is het elke dag een beetje." Dat minsken in protte online bestelle, is lykwols net nij. Ferline jier waard ek al in part online besteld.

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar mei Erik Zandbergen fan gruthannel Van der Meulen

Is it dan ek ekstra drok dit jier? "Ja, je ziet wel dat er een soort compensatiedrang is gekomen door corona. De cadeaus zijn wat groter en duurder geworden. De kleine cadeautjes, de schoencadeaus, dat neemt iets af. De grote cadeaus voor het echte feest, die zijn toegenomen."

Spultsjes en puzels

Ek by Van der Meulen kinne se fernimme dat de krystdagen hieltyd wichtiger wurde, as it om kadootjes giet. Ek sjogge se harren ferkeap omheech gean. "Vooral ook, nu grote families niet meer samen kunnen komen, nu we het met onze eigen families vieren. Er worden veel cadeautjes rond de Kerst gekocht. Dan praat je vooral over spelletjes, de dingen die je samen kunt doen." Spultjes en puzels binne sawiesa dit jier, mei it coronafirus, in soad ferkocht.

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

Der geane ek bestellingen nei Dútslân en Poalen, mar it measte guod leveret Van der Meulen yn Nederlân en België. "Maar internationaal worden we wel steeds belangrijker. We hebben ook meerdere merken die we internationaal mogen vermarkten, en dan proberen we natuurlijk zo ver mogelijk te komen." Ek mei de coronakrisis ride ferfierders troch hiel Europa, fertelt Zandbergen. "Dat is geen probleem."

Spultsjeskrapte

Ek Van der Meulen hie lêst fan de spultsjeskrapte dit jier. "Komt het uit China, dan bestel je het in april en komt het in oktober. Op is op, je kunt het niet meer bijbestellen dan." Mar it bedriuw ferkeapet ek spultsjes fan in Nederlânsk merk, dy't yn Grinslân produsearre wurde. "Dat kunnen we heel goed bijhouden."

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar yn it magazyn

(Advertinsje)
(Advertinsje)