RIVM: 123 besmettings; heechste oantal yn hast twa wiken tiid

04 des 2020 - 14:31

Der binne de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân 123 coronabesmettings by kaam. Dat meldt it RIVM. Dat is it heechste oantal besmettings yn hast twa wiken tiid. Op 23 novimber waard der foar it lêst sa'n heech oantal besmettings fêststeld (125). Oer de lêste moanne besjoen, wiene der gemiddeld sa'n 95 positive tests deis.

Alle besmettingen yn Fryslân sûnt it begjin fan de útbraak (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte besmettings waarden yn it ôfrûne etmiel fêststeld yn de gemeenten Súdwest-Fryslân (39), Noardeast-Fryslân (17), Ljouwert (14) en Smellingerlân (14).

Yn de gemeente Ljouwert binne twa minsken opnaam yn it sikehûs mei corona, yn Eaststellingwerf ien. Yn de gemeente Smellingerlân is de ôfrûne 24 oeren ien persoan ferstoarn oan de gefolgen fan it coronafirus.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)