Frjentsjerter busbedriuw skrast feestritten nei opskuor om studintefeestje

De feestritten fan Boostbussen, in projekt fan Kooistra Reizen út Frjentsjer, binne foar de kommende tiid skrast, nei't in net-coronaproof feestje fan studinten foar opskuor soarge. It bedriuw wol útsykje hoe't se yn de takomst better hanthavenje kinne op de partyreiskes yn de bussen.
© Screenshot
It net-coronaproof feestje fan studinten fan de Grinzer studinteferiening Vindicat hat foar in soad opskuor soarge. Op bylden dy't nei bûten kaam binne, is te sjen dat de studinten sûnder mûlkapke ticht op inoar yn de partybus stean en oan it dûnsjen en sjongen binne.
Yn in reaksje op de kommoasje reagearret it bedriuw op syn Facebookside: "Wij hebben de reizigers tevergeefs gevraagd zich aan de regels te houden. Wij erkennen dat dit fout is gegaan en daarbij nemen wij ook onze verantwoordelijkheid. Wij hadden als bedrijf de busreis moeten stoppen."
Se stelle dat har meiwurkers wol de regels yn acht naam ha troch gesichtsmaskers te dragen.