Sneltrein rydt Mantgum en Bûtenpost aanst mei hege snelheid foarby

04 des 2020 - 14:03

Mei yngong fan 14 desimber rydt der alle oeren in ekstra sneltrein tusken Ljouwert en Grins. Ek rydt der tusken Ljouwert en Snits yn de spits alle oeren in ekstra trein. Dit soarget der lykwols foar dat net alle treinen mear stilhâlde yn Mantgum en Bûtenpost. Guon treinen passearje de oerwegen en perrons yn dizze doarpen mei hege faasje.

It stasjon fan Mantgum - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Op dit stuit hâlde alle treinen noch stil yn Mantgum en Bûtenpost. De treinen yn de buert fan dizze oerwegen ride meastentiids stadich. Aanst ride guon treinen dizze oerwegen en perrons mei hege snelheid foarby. Ferkearsdielnimmers wurdt dêrom frege aanst ekstra foarsichtich te wêzen en nea in sletten spoarwei oer te stekken.

Boa's

Om dêrop ta te sjen fiere boa's fan ProRail ekstra kontrôles út by oergongen. ProRail stjoert ek foarljochtingspakketten nei de skoallen en doarpsbelangen binne ynformearre.

De ynset fan de ekstra sneltrein tusken Ljouwert en Grins en de ekstra sneltrein tusken Ljouwert en Snits yn de spits binne ûnderdiel fan de nije treinkonsesje. Dizze nije treinkonsesje start op snein 13 desimber. Fan de moandei dêrnei ôf ride de ekstra treinen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)