Freedsmerk oer faksinaasje: "Al kostet it my myn baan, ik wol net yninte wurde"

04 des 2020 - 13:44

It RIVM melde fan 'e wike dat de faksinaasjes tsjin it coronafirus mooglik begjin jannewaris úteinsette. Op de Ljouwerter freedsmerk wie der in soad twivel oer it wol of net nimmen fan in coronafaksin sadree't dat beskikber is.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Sawol oertsjûge foar- as tsjinstanners lieten har hearre. "O, absolút, ik stean foaroan as it der dalik is. Dan kin alles de goede kant wer op!". In oar wiisde op de ferantwurdlikens: "Al wurd ik der sels miskien net sa siik fan, in oar kin dat mooglik troch my wol krije."

Tsjinstanners binne benammen benaud dat der risiko's oan it faksin sitte om't de ûntwikkeling sa hurd gien is: "Je weet niet wat de bijwerkingen zijn..."

Komplotteory

Mar ek kamen der komplotteoryen foarby: "Misschien zit er wel een complot van rijke mensen achter. Dat hoor je wel eens, toch?" Ek in meiwurkster út de soarch wie poer op de faksinaasje tsjin: "Al kostet it my myn baan, ik wol net yninte wurde. Ik lit my net oanprate wat in oar graach wol."

Ien fan de keaplju wol krekt wol graach in prikje ha: "Ik bin hertpasjint, dus rin ik risiko's. Mar myn dochter hat grutte twivels. Se is benaud dat it gefolgen ha kin foar in eventueel swierwêzen letter. Mar as it dalik ferplichte is om wer nei it bûtenlân op fakânsje te kinnen, wolle se fêst wol om lyk."

Eins elk hopet wol dat de ein fan de pandemy yn sicht is. Minsken wolle wer kontakten ûnderhâlde, oefenje mei it sjongkoar en in inoar lekker oankrûpe. Al liet immen noch wol witte dêr thús eins 'gjin materiaal' foar te hawwen...

Ferslachjouwer René Koster wie op de freedsmerk

(Advertinsje)
(Advertinsje)