GGD: Ofrûne wike 703 besmettings; jongeren meast net besmet op skoalle

04 des 2020 - 12:27

It oantal coronabesmettings yn Fryslân lit in stabyl byld sjen. Dizze wike kamen der 703 by, krekt wat mear as de 672 fan foarige wike.

Al it nijs omtrint it coronafirus yn Fryslân is te finen op ús dossierside. Alle besmettingen yn Fryslân sûnt it begjin fan de útbraak (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

Oer de lêste moanne besjoen, wiene der gemiddeld sa'n 95 positive tests deis. Dat is de helte minder as de moanne derfoar. Nettsjinsteande dizze positive ûntwikkeling hâldt GGD Fryslân soarch oer de fersprieding fan it firus.

Noch hieltyd is likernôch in kwart fan de besmette persoanen sechstich jier of âlder. It oantal besmette persoanen fan ferpleech- en fersoargingshûzen rûn op fan 47 nei 51. Ek dêr waarden dizze wike 43 besmette meiwurkers teld.

Mear tweintigers test

Der binne ôfrûne wike relatyf mear tweintigers posityf test. Op basisskoallen binne sân besmettings meld. Op alle oare skoallen byinoar (ynklusyf studinten fan 18 jier en âlder) is it ferlykber mei foarige wike.

It oantal ôfname tests op de fjouwer Fryske GGD-lokaasjes bedroech 8.780, 800 mear as de 7.946 fan foarige wike. Dat is it heechste oantal yn seis wiken tiid. Sûnt tiisdei kinne minsken sûnder klachten har teste litte, mei yngong fan de fyfde dei fan harren troch boarne- en kontaktûndersyk of de coronameldapp starte karantêne.

Mear boarne- en kontaktûndersyk

It boarne- en kontaktûndersyk is dizze wike yntinsivearre. Dit is nedich om it firus fierder op te spoaren en te beheinen. GGD Fryslân hat dêrfoar yntusken sa'n 120 minsken yn 'e earm naam.

By meardere besmettings linkt oan in skoalle ferrjochtet in spesjaal ûnderwiisteam fan boarne- en kontaktûndersikers fan GGD Fryslân in wiidweidich ûndersyk. Dêrút docht bliken dat learlingen oant 18 jier de besmetting meast net op skoalle oprinne.

It lanlike útgongspunt is dat lessen safolle mooglik fysyk trochgean. Yn inkelde gefallen wêrby't der yn of bûten in skoalle tige yntinsyf kontakt west hat mei in positive klasgenoat, advisearret de GGD oan dizze nauwe kontakten om yn karantêne te gean. De skoallen beslisse úteinlik sels oft sy in klasse nei hûs stjoere of thúsûnderwiis jouwe.

Nije teststrjitte

GGD Fryslân nimt op 15 desimber in grutte nije testlokaasje yn Ljouwert yn gebrûk. De saneamde L-testlokaasje komt yn it WTC Expo.

Wyklikse besmettingen en stjergefallen

Wike Besmettingen Stjergefallen
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0

Mei de 703 positive tests fan ôfrûne wike binne no 8.978 ynwenners fan Fryslân besmet rekke mei it coronafirus. GGD Fryslân krige dizze wike njoggen meldings fan besmette persoanen dy't ferstoarn binne. Foarige wike wiene dit der trettjin. It offisjele stjertesifer yn Fryslân yn ferbân mei corona stiet no op 138. Der binne sân sikehûsopnames trochjûn, foarige wike seis.

Súdwest-Fryslân is de gemeente mei fierwei de measte besmettings (27 persint fan it Fryske totaal). It oantal positive tests rûn flink op nei in rappe delgong yn de wike derfoar. Ek fiif oare gemeenten lieten de ôfrûne wike in flinke stiging sjen. Yn trije gemeenten wie sprake fan in grutte delgong.

Trefwurden: 
GGD Fryslân coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)