GGD iepenet grutte nije sneltestlokaasje yn WTC Expo yn Ljouwert

04 des 2020 - 12:15

GGD Fryslân nimt op moandei 14 desimber in grutskalige testlokaasje yn Ljouwert yn gebrûk. Dizze saneamde L-testlokaasje komt yn it WTC Expo. Dêr kinne úteinlik 1.700 minsken deis har teste litte op it coronafirus, benammen mei de rappe antygenetest.

Sneltest WTC

GGD Fryslân hat no al testlokaasjes yn Ljouwert, Drachten, Drylts en Kollum. De L-lokaasje yn Ljouwert krijt stap foar stap in kapasiteit fan 1.275 rappe antygenetests deis, plus 425 gongbere PCR-tests. De GGD kiest foar in kombinaasje fan beide, om't in PCR-test noch altyd it betrouberst is. Uteinlik krijt Fryslân in testkapasiteit fan 5.000 persoanen deis.

Analyze duorret koarter

Hokker test ien krijt, hinget ôf fan de persoan en de situaasje. Dit komt oan de oarder by it meitsjen fan de testôfspraak. Fanwegen harren kontakt mei kwetsbere persoanen krije soarchmeiwurkers altyd in PCR-test. De analyze fan in test duorret koarter, hjirtroch is de útslach fia DigiD yn in pear oeren bekend.

Op it stuit test GGD Fryslân sa'n 1.600 minsken op in dei. In útwreiding fan de kapasiteit is nedich om't de kommende tiid de drompel foar it testen fan minsken sûnder klachten omheech giet. En om yn it gefal fan in mooglike folgjende weach rap teste te kinnen.

Ofspraak meitsje

Eltsenien mei klachten makket no en aanst fia de gebrûklike rûte in ôfspraak foar in coronatest: online fia www.coronatest.nl of telefoanysk fia 0800-1202. Soarchmeiwurkers belje mei it lanlike prioriteitsnûmer 0800-8101. De besikers fan de L-testlokaasje krije de útslach net op lokaasje te hearren. Se ûntfange de útslach digitaal of telefoanysk.

Mei de ynset fan de L-testlokaasje en antygenetesten kin it boarne- en kontaktûndersyk rapper úteinsette.

It WTC Expo yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma
(Advertinsje)
(Advertinsje)