Studinten fiere aksje yn Ljouwert foar oergongsperioade by beropskar

04 des 2020 - 11:52

Op de middelbere skoalle moat op in oare wize tawurke wurde nei de beropskar. Dat fynt in groep Ljouwerter studinten. Se fiere freed aksje yn it sintrum fan Ljouwert om dat foarinoar te krijen.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De studinten helje hantekens op foar in petysje. "We willen graag dat er een soort overgangsperiode komt van twee jaar, waarin je veel beter wordt voorbereid op je beroepskeuze", leit aksjelieder Geert Oosthoek út. "In die twee jaar zou je dan moeten kunnen snuffelen aan allemaal verschillende studies, zoals bijvoorbeeld psychologie of de hotelschool."

Neffens Oosthoek giet der no in soad tiid en jild ferlern, omdat bern te betiid twongen wurde om in kar te meitsjen. Dêrtroch komme se yn stúdzjes telâne dy't hielendal net by harren passe en dat liedt ta útfal en fertraging. "Je moet al heel vroeg op de middelbare school een profiel kiezen. Daarin stop je dan vaak de vakken die je makkelijk of leuk vindt, maar kijk je niet altijd naar wat je later nodig hebt. En dat beperkt uiteindelijk je keuze als je een studie moet kiezen."

De aksjefierders hoopje dat se yn Ljouwert in soad hantekens sammelje kinne, mar sille dêrneist ek online aksjefiere. Uteinlik moat de petysje nei de Twadde Keamer yn Den Haag.

Ferslachjouwer Wytse Vellinga wie by it begjin fan de aksje

(Advertinsje)
(Advertinsje)