Opsplitsing topamateurfuotbal yn regionale kompetysje is 'bêste oplossing'

It regionaal opsplitsen fan de trije heechste klassen yn it amateurfuotbal is de bêste oplossing op dit momint. Dat seit foarsitter Sippe Heeringa fan Harkemase Boys. It fuotbalbûn KNVB hat bepaald dat de reguliere kompetysje net útspile wurdt. Yn stee dêrfan wurde de klassen regionaal, op basis fan kilometers, opsplitst yn twaen.
Fuotbal © Shutterstock.com
Gefolch fan de alternative kompetysje is dat de klups tichter by hûs spylje. Dat jildt yn Fryslân foar Harkemase Boys (tredde difyzje), Bûtenpost (haadklasse) en ONS Snits (haadklasse). "Ik leau dat it maksimaal 180 of 160 kilometer is. En dan hast in leuke kompetysje, út en thús", seit Heeringa.
De bedoeling is dat de nije kompetysje heal jannewaris úteinset, mar Heeringa tinkt net dat dat slagje sil yn ferbân mei it coronafirus. "Je moatte nei de sifers sjen en realistysk wêze. Je moatte ek nei it waar sjen."
Dochs bliuwt er posityf. "Ik tink dat dit in goede keuze is, in moaie opset mei yn prinsipe de minste wedstriden. Ast de kompetysje hielendal útspilest moast 31 wedstriden, no 16. Dit senario kin sels plakfine ast it earste wykein fan maart begjinst. Hast 16 saterdeis en dat kinst yn 3,5 moanne wol útspylje. En kinst ek nochris in kear troch de wike, omdat it tichter by is."

Goed foar de finânsjes

Finansjeel is de nije yndieling neffens Heeringa ek better foar de klups. "Foar itselde jild fuotbalje we pas yn maaie of yn juny wer", seit er. "Hast altyd in oantal redenen: sportyf, finansjeel en sosjaal. Finansjeel is it in rampjier, wat dat betreft. Dus wolst earst sportyf wer begjinne. Want de jonges binne dwaande, dy betelje kontribúsje, en krijst it spultsje wer. Dan krijst it sosjale, dat de minsken wer komme. En as dy wer komme, dan komt it finansjeel ek wer goed."
Foarsitter Sippe Heeringa fan Harkemase Boys