Iris Kroes komt mei nije single foar ôffalferwurker Omrin

04 des 2020 - 10:12

Sjongeres Iris Kroes komt mei in nije single spesjaal makke foar ôffalferwurker Omrin. It nûmer 'Dare to be You' is skreaun om de wrâld te ynspirearjen. Omrin fiert dit jier syn 25-jierrich jubileum en hat de sjongeres frege om dêrby stil te stean.

Iris Kroes - Foto: Omrop Fryslân

Neffens Kroes giet it nûmer oer dysels doare te wêzen en datst net benaud wêze moast om dyn wrâld te feroarjen. Se helle ynspiraasje út persoanlike ferhalen fan Friezen. It ferske is fan freed ôf te finen op Spotify.

(Advertinsje)
(Advertinsje)