Kollum: "Bauke"

04 des 2020 - 08:24

"It libben is in oanienskeakeling fan mominten ek al liket dat faak net sa want meastentiids giet alles gewoan syn gonkje. Alle dagen sjogge we elkoar hinne en wer fleanen op 'e dyk en foardatst it witst is der wer hast in jier om. Mar itjinge wat we fan elkoar sjogge, binne ornaris de hannelingen dy't we dogge. Wat immen yn 'e holle of yn it hert hat, is faak net sa dúdlik.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma

Ast dêr de tizeboel net mear út elkoar helje kinst dan kinst der skoften mei om rinne sûnder dat in oar it yn 'e gaten hat. Skynber giet alles syn gewoane gonkje, mar ûnderhûdsk wurdt it doalhôf allinnich mar grutter. Oant der in momint komt datst gjin útwei mear sjochst en datst der klear mei bist.

Ofrûne tiisdei krige ik it berjocht fan in freondinne dat har eks ferstoarn wie. Nettsjinsteande dat de relaasje al in skoft út wie, wiene se altyd goede freonen bleaun en hiene se regelmjittich kontakt, krekt as yn it ôfrûne wykein. Mar moandeitemoarn belle syn buorfrou. Dêr siet in kollega fan him omdat er net op syn wurk kommen wie en myn freondinne hie as iennichste in kaai fan it hûs.

Mei noed gong se der tegearre mei de kollega hinne en doe fûnen se him yn 'e skuorre. Dêr hat er himsels tekoart dien en se witte net wêrom. Der wie gjin briefke en ek al hie er in hiel dreech jier hân, dit hie nimmen ferwachte. Se wie der kapot fan en ik skrok ek freeslik fan it berjocht. Op it momint datst soks lêst, kinst it tagelyk eins net iens leauwe. En fan alle gedachten dy't ik hie, wie der ien dy't my oant no ta net los lit; hoe sil myn freondinne dat byld ea wer fan it netflues krije?

Dat er besletten hat út it libben te stappen, paste wol by hoe't er wie. 'As it myn tiid is dan gean ik', stie der boppe de rouadvertinsje yn 'e krante. Mar ek: 'En dan samar ynienen bist der net mear, do wiest der altyd foar ús.' 'Hie er my mar belle,' sei myn freondinne. Dan wie ik nei him ta gien en hiene we der oer prate kinnen.' Mar dat hat er net dien.

'Wêrom?' Mei dy fraach bliuwe freonen en famylje achter as der gjin dúdlike antwurden binne. Mar der is neat mear oan te dwaan, de sitewaasje is sa't er is. Neist alle ûnmacht en fertriet moat der fan alles regele wurde en giet foar de neibesteanden it libben troch. Dit momint sille se nea ferjitte en tagelyk sil nei in skoftsje skynber alles syn gong wer gean.

De dea heart by it libben as de dei by de nacht. Mar as de sinne foar dyn gefoel noait mear skynt en ast de waarmte net mear fielst, dan is it grif in hiele opjefte om alles op 'e rit te hâlden. Is it dan moedich om der út te stappen, of krekt net? Dêr kinst neffens my neat oer sizze ast dy noch noait sa field hast.

Hjoed is de kondoleânse, ek wer sa'n momint. It ôfskied foar ivich duorret hjir noait sa lang wylst it rouproses foar de neibesteanden noch in hiele wei is, dêr't se miskien wol help by nedich ha om alles goed ferwurkje te kinnen.

Leave Bauke, ik hoopje datst rêst fûn hast en dat dyn neisten ek wer frede fine."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)