Mbû'ers komme troch corona dreech oan staazje yn sikehûzen

04 des 2020 - 08:00

Tûzenen mbû'ers kinne mar dreech in staazje fine by sikehûzen. Dy binne fanwegen corona foarsichtich wurden, wylst der in grut ferlet is fan minsken yn de soarch. De mbû'ers kinne de staazjes net ôfmeitsje, om't de sikehûzen sizze dat se de ekstra begelieding, dy't yn coronatiid nedich is, net biede kinne oan de stazjêres.

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Sa waard de staazje fan de 21-jierrige mbû-studint ferpleechkunde Machteld Marra fan Garyp al twa kear ôfbrutsen. Earst yn Dútslân, dêr't se in staazjeplak hie, om't dy yn Nederlân al dreech te finen binne. En letter fûn se dochs in oar plak, mar ek dêr koe se de staazje net ôfmeitsje.

En dat kin se net goed begripe. "Ik fyn it hiel bryk allegear. Sikehûzen ha minsken nedich en se roppe se mei of sûnder diploma op. Wy ha derfoar leard, mar we wurde der dochs gewoan útsmiten."

Sykte fan Pfeiffer

Machteld hat de sykte fan Pfeiffer en se tinkt dat de sikehûzen dêr gebrûk fan meitsje om har as riskant te bestimpeljen. Mar der binne gjin oanwizingen dat de kombinaasje Pfeiffer en corona in ferhege risiko jout op besmetting. "Se sizze fan net, mar op basis fan Pfeiffer ha se my derút smiten. Sa kaam it by my oer", fertelt Machteld. "Dat is net earlik, want ien mei Pfeiffer kin likegoed de wurksumheden dwaan as ien dy't net Pfeiffer hat."

Se docht no staazje yn in ferpleechhûs, mar dat is net wêr't se wurkje wol. Se wol hiel graach yn in sikehûs oan it wurk. Dochs bliuwt se posityf oer har takomst. "Ik besykje sa folle mooglik myn bêst te dwaan. Ik ha leard dat ast mar folhâldst, dan komst der wol. Uteinlik hoopje ik dat ik der kom yn it sikehûs."

Machteld Marra oer har staazjeperikels

(Advertinsje)
(Advertinsje)