Fridays for Future hâldt klimaatprotest yn Ljouwert

04 des 2020 - 06:36

Klimaataksjegroep Fridays for Future sil freedtemiddei demonstrearje op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. Mei de aksje 'Klompjes voor Klimaat' besiket de groep op symboalyske wize omtinken te freegjen foar it klimaat yn it tema fan Sinteklaas. "Dit jaar vragen wij Sinterklaas om een toekomst", skriuwt de aksjegroep.

In protestaksje fan Fridays For Future op 17 jannewaris 2020 - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De aksje wurdt hâlden foar de Aldehou yn it sintrum fan Ljouwert. Der wurde allegear skuon, dy't fan tefoaren ynsammele binne, delset. Dêrmei wol de aksjegroep sjen litte dat in grutte groep minsken him ynset foar de krisis. Dêrneist wolle de aksjefierders wize op de urginsje fan klimaatprotesten.

De aksjegroep kundiget de aksje oan op Facebook en seit dat se dêrby de coronamaatregels yn acht nimme sille. "Mensen werken samen voor een gezamenlijk doel zonder fysiek bij elkaar te komen", sa is te lêzen op de Facebookside.

Wrâldwide beweging

Fridays for Future Ljouwert is ûnderdiel fan in wrâldwide klimaatbeweging dy't laat wurdt troch jongerein. Harren doel is om oerheden en oare belanghawwenden oan te spoaren ta aksje, sadat de wrâld behâlden wurdt foar takomstige generaasjes.

De Ljouwerter ôfdieling fan de aksjegroep wol dat de gemeente Ljouwert transparant is oer klimaatferoaring en har klimaattastân yn de gemeente ferklearret. Fridays for Future seit dernei te stribjen om boargers te belûken by it finen fan oplossings foar it klimaatprobleem.

It is net de earste kear dat Fridays for Future demonstrearret yn Ljouwert. Yn jannewaris en septimber fan dit jier wiene der ek aksjes. It earste klimaatprotest yn Ljouwert wie oktober foarich jier.

(Advertinsje)
(Advertinsje)