Ljouwerter studinten ferruilje keamer foar wurkplak yn lúks hotel

04 des 2020 - 06:00

Studinten fan hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert krije de gelegenheid om de studintekeamer te ferruiljen foar in wurkplak yn in 4-stjerrehotel. Dêrfoar is de hegeskoalle in oerienkomst oangien mei hotel PostPlaza en it Oranje Hotel yn de Fryske haadstêd.

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

De oerienkomst is op inisjatyf fan NHL Stenden. De skoalle betellet foar elk wurkplak in fergoeding fan fiif euro. De hotels ha romte genôch oer foar studinten dy't opdrachten dwaan wolle of leare moatte. Der is grutte fraach nei, want der binne in soad studinten op syk nei in wurkplak dêr't se mekoar ek sjen kinne.

PostPlaza-direkteur Herman Schröder is net benaud dat it stoarm rinne sil yn syn grand café. "Dat zou mooi zijn, maar we mogen maar tot dertig studenten ontvangen. Daar zit een beperking op, die ook geldt voor onze hotelgasten."

Libben yn de brouwerij

Foar de hotels komt der wat libben yn de brouwerij. Hotelgasten binne der wol, mar nei it brochje gean se fuort en foar it diner komme se wer werom. Tusken 11.00 en 17.00 oere is der dan plak foar de studinten. Dy moatte har online ynskriuwe en der is in steward oanwêzich dy't mei help fan in list in tiidrek reservearret.

Studinten moatte wol sels iten en drinken meinimme, want dêr kinne de hotels net yn foarsjen.

PostPlaza-direkteur Herman Schröder

(Advertinsje)
(Advertinsje)