Skoalle De Wingerd yn Damwâld moandei wer iepen nei coronabesmettingen

03 des 2020 - 23:05

Skoalle foar spesjaal ûnderwiis De Wingerd yn Damwâld giet takom moandei 7 desimber wer iepen. De skoalle wie sûnt begjin dizze wike ticht om't trije personielsleden en sân learlingen it coronafirus hiene. Dêrneist wiene sechtjin meiwurkers yn karantêne.

De Wingerd yn Damwâld - Foto: Omrop Fryslân

Yn gearwurking mei GGD Fryslân is der in boarne- en kontaktûndersyk begûn en binne ferskate personielsleden en learlingen test en yn karantêne gien. Op basis fan de resultaten hat de GGD it managementteam fan de skoalle advisearre om moandei de doarren wer te iepenjen. Dat jildt foar beide lokaasjes, skriuwt De Wingerd op syn Facebook-side.

De âlden en fersoargers fan alle bern binne yntusken op 'e hichte steld.

(Advertinsje)
(Advertinsje)