Karriêreswitch foar Jelle B: fan feesttinten nei skoalklasse

Yn juny 2019 makke de Fryske sjonger Jelle B bekend dat er ophold mei syn artystebestean. Nei in karriêre fan fyftjin jier woe hy ris wat oars dwaan en dêrom gie hy werom de skoalbanken yn.
"Ik bin oerstapt fan sjonger nei master, om't ik al sa lang songen haw en ik woe op in gegeven momint wol wat oars dwaan. Foar de klasse stean siet wol altyd wat yn myn holle. Sa ha ik wurke by Opus3 en ek earder woe ik al ris master wurde, mar doe kaam it sjongen tuskentroch. Op in bepaald momint tocht ik: ja, wat wol ik no echt? En doe tocht ik: ja, dit is wat ik echt wol", seit Jelle Broersma, dy't no learkrêft is op de Burgerskoalle yn Dokkum.
De kar hat goed west, want Broersma jout oan dat it him goed befalt op de basisskoalle dêr't hy no oardel jier wurket. De learlingen binne ek bliid mei harren master. "Hij is erg behulpzaam. Als ik iets niet snap, dan helpt hij altijd en hij legt heel goed uit", seit ien fan de learlingen.
Mei in grutsk gefoel sjocht Jelle werom op syn sjongkarriêre, mar it muzyk meitsjen hat hy noch net hielendal loslitten. "Ik sjong in soad thús, miskien noch wol mear as doe't ik optrede. Ek brûk ik muzyk faak yn myn lessen, want bern ûnthâlde dingen folle makliker mei muzyk."
Jelle B foar de klasse