Folsleine kostúmkolleksje teäterkoor Animato oernaam troch Kledinguitleen Balk

De tûzenen selsmakke kostúms fan de Ljouwerter opera- en operetteferiening Animato ha in nij plakje fûn. De folsleine kolleksje wurdt oernaam troch de Kledinguitleen yn Balk. It koar moast de klean kwyt, want nei hast 64 jier komt der in ein oan de feriening. It is foar de 23 oerbleaune leden finansjeel net mear op te bringen.
Animato mei solisten, ensemble en dûnsers yn 2018 nei de foarstelling 'Op reis' © Animato
Siska Lubach fan de Kledinguitleen is bliid mei de nije oanwinst. Se rekke fuort entûsjast doe't se nei Animato gie om de klean te besjen. "Dan komme je dêr en dan is it gewoan oerweldigjend. Safolle klean, mar dan ek safolle moaie klean en kwaliteit, leafde, tiid en 'herinneringen'. Dat krigen wy der fansels allegear by. En dat is prachtich!"
Ek Hilly Blauw fan Animato hat der in goed gefoel by dat de klean mei leafde oernommen en ferhierd wurde troch de Balkster útlien. "Ja, dat is it alderbelangrykste fine wy. It moat gewoan noait oergean. En prachtich dat it dan yn ien kear fuortgean kin."
De klean sille no útliend wurde oan bygelyks musicals, doarpsfeesten, optochten en iepenloftspullen, seit Lubach. Se wol net kwyt wat se der foar betelle hat. "Lit my hiel dúdlik stelle dat Animato ús hiel 'ter wille' west hat, want wat harren kolleksje wurdich is, is net yn jild út te drukken."
Hilly Blauw fan Animato en Siska Lubach fan Kledinguitleen Balk
Besjoch hjirûnder de ôflevering fan HEA! oer de kostúmkolleksje fan Animato:
HEA! Teäterkoar Animato hat tûzenen stiks klean oer