Undersyk: ek lytsere kontenerskippen kinne konteners boppe Waadeilannen ferlieze

03 des 2020 - 21:20

Maritym ûndersyksynstitút MARIN hat foar it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat in ferfolchûndersyk dien nei lytse kontenerskippen dy't boppe de Waadeilannen del farre. It nije ûndersyk befêstiget dat ek lytsere kontenerskippen konteners ferlieze kinne.

Foto: Google maps

Dêrneist binne ek de easken wêr't skippen oan foldwaan moatte net dúdlik. De ynternasjonale regels binne dêryn neffens it ûndersyk net transparant. "Het is dus niet duidelijk of een schip iets wel of niet kan", seit Bas Buchner fan MARIN.

Groenwater

It gefaarlikste foar de lytsere skippen is it saneamde 'groenwater'. "Groenwater is het massieve water dat op het dek van het schip kan komen of tegen de containers kan slaan. Golven komen tegen de romp van het schip aan, maar als die golven boven de romp uitkomen, op het dek of tegen de containers, dan noemen we dat groenwater. Dat is omdat het massief zeewater is en geen wit schuim", leit Buchner út.

"Dat massieve zeewater, dat groene water, kletst tegen de containers aan en kan daardoor containers zelf kapotduwen of hele stapels containers omduwen als dominostenen", sa seit hy.

Kustwacht

MARIN hat foar trije ferskillende skiptypen weachhichtes bepaald wêrby't it net mear feilich is om te farren op de ferskate rûten. "De kustwacht moet gaan adviseren dat schepen als de golven hoger zijn dan de waardes die wij hebben bepaald, dat ze dan niet moeten gaan varen. Dat is de eerste stap, want daar voorkom je de grootste ellende mee", sa seit Buchner.

Mar se dogge noch in oanbefelling. "Het tweede is dat je internationaal moet laten uitzoeken aan welke eisen die schepen moeten voldoen, zodat ze in de toekomst nog veiliger kunnen varen. Er zijn deze week ook midden op de Stille Oceaan weer heel veel containers overboord gegaan. Dat betekent dat de containerschepen zoals ze nu zijn niet veilig genoeg zijn en dat moet gewoon beter", sa seit Buchner.

Bas Buchner fan MARIN

De MSC Zoe is ien fan de grutste kontenerskippen fan de wrâld. Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 ferlear it 342 konteners boppe de Waadeilannen. Mear nijs dêroer is te finen op ús dossierside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)