Net-coronaproof studintefeest yn Frjentsjerter partybus: "Oerdomme actie"

03 des 2020 - 20:15

In net-coronaproof feestje fan studinten yn in partybus fan it Frjentsjerter bedriuw Boostbussen hat foar opskuor soarge. Bylden fan it feest kamen tongersdei nei bûten fia ferskate media. De studinten steane sûnder mûlkapke ticht opinoar yn de partybus en binne oan it dûnsjen en sjongen. It soe gean om leden fan it studintekorps Vindicat út Grins.

Foto: Screenshot

Boargemaster Koen Schuiling fan Grins stelt in ûndersyk yn nei it feestje. Hy wol witte wa't it organisearre hat. Ek wurdt der kontakt socht mei it Frjentsjerter busbedriuw, dat advertearret mei 'coronaproof tours door heel Nederland', en mei Vindicat sels. In wurdfierder fan de boargemaster neamt it busfeestje in "oerdomme actie".

Neffens de foarsitter fan it bestjoer fan Vindicat, Wessel Giezen, is it feestje net fan de feriening útgien. De fyftjin oant tweintich leden dy't der oan meidiene binne foar in jier skorst. "Ik ben er piswoest over", seit Giezen by Hart van Nederland.

(Advertinsje)
(Advertinsje)